Kishore Kumar Hits

The Bounty Hunters - Ik Bin In Fries lyrics

Artist: The Bounty Hunters

album: Ik Bin In Fries


Ik bin in Fries, In goeie Fries åltyd ferkâlden
Ås ik wat koazen ha, bliuw ik it meast wol trou
Bin net modern, ik tink hast eins wol wat behâlden
En åt ik feroarje moat, dan doch'k dat net sa gau
Ta in kompjûter koe'k my earst mar net goed sette
Ik kriich pas letter in mobyl, doe die'k ek mei
Op social media sit ik wol mar net fån herte
It is my ållegear te nuver en te nij
Dy heak om Ljouwert moast dy dêr eins sa noadich komme?
Sintrale Ås ik wie der falikant op tsjin
Hearst my net mear, ik hâld my no mar fån de domme
Omdat ik, å'k nei Dokkum moat, no hurder kin
It hat gjin sin om der no wekker fån te lizzen
Soms sit it mei en soms dan sit it wolris tsjin
Der is foar ålles lang om let wol wat te sizzen
Ja sels ås ik der net sa goed mei libje kin
It Fryske lân ik mei der altyd sa graach wêze
Jou my mar romte, frisse lucht en swartbûntfee
Kin yn de loften faak it waarberjocht wol lêze
Ik rûk it gers alwer fån de earste snee(d)
Ik kin der soms net al te folle mear fån bakke
De jierren '70 ja dêr wie'k it leafst yn bleaun
Dat soart muzyk ensa wurdt ommers net mear makke
Ålles wie better of is dat no wat oerdreaun?
Wêr wurdt aanst boarre? Boppe Skier of boppe Skylge?
Wêr komt dy mûne? Dochs net by my yn de tún?
Hingje ik myn disel skielk ek mar oan de wylgen?
Bliuw ik hjir wenjen of moat ik mar op 'e strún?
It hat gjin sin om der no wekker fån te lizzen
Soms sit it mei en soms dan sit it wolris tsjin
Der is foar ålles lang om let wol wat te sizzen
Ja sels ås ik der net sa goed mei libje kin
It hat gjin sin om der no wekker fån te lizzen
Soms sit it mei en soms dan sit it wolris tsjin
Der is foar ålles lang om let wol wat te sizzen
Ja sels ås ik der net sa goed mei libje kin

Поcмотреть все песни артиста

Other albums by the artist

Similar artists