Kishore Kumar Hits

De Hunekop - Rûchhouwer lyrics

Artist: De Hunekop

album: 11,5 jier smoar


Ik bin gjin hertsjirurch, bin gjin horloazjemakker
Ik bin gjin gynekolooch, ik bin gjin koekjebakker
Mar ik bin in rûchhouwer, in rauwdouwer
In hurdkûter, in skipsbouwer
Alles sa bytsje skaal ien op it each
Want dy miereneukerij dat giet my fiisten te dreech
Smyt dy wetterpas, mar yn 'e feart
Ik ha in hekel oan dat ding, omdat it net avesearet
Ik sjoch net sa nauw, as in Sinees
Ik sjoch net op in kuthiir, en ek net op in streep
Of in sintimeter, as twa
Want ik bin in rûchhouwer, in rauwdouwer
In hurdkûter, in skipsbouwer
Alles sa bytsje skaal ien op it each
Want dy miereneukerij dat giet my fiisten te dreech
Ja dy foarman fan ús, dy hat altyd wol wer wat
Dan komt der wer te eameljen fan dit en dit en dat
Hy nimt my idioat, en sa is it mar krekt
Want at ik myn ferstân hie, ja dan wie ik hjir toch net
Of wol dan? Nee toch?!
Want ik bin in rûchhouwer, in rauwdouwer
In hurdkûter, in skipsbouwer
Alles sa bytsje skaal ien op it each
Want dy miereneukerij dat giet my fiisten te dreech
Ik bin gjin computer-nerd, ik bin gjin ambtenaar
Ik bin gjin pennelikker, of in titatovenaar, of sa
Mar ik bin in rûchhouwer, in rauwdouwer
In hurdkûter, in skipsbouwer
Alles sa bytsje skaal ien op it each
Want dy miereneukerij dat giet my fiisten te dreech
Bak 't mar fêst, de brânder is gewillich
It is mar foar oar, dus ik bin wat ûnferskillich
Gjin sterveling, dy't dêr oait wer wat fan sjocht
Ik kom der net te wenjen, dus se kinne my wat
Se kin' my allegearre hartstikkene dea falle!
Want ik bin in rûchhouwer

Поcмотреть все песни артиста

Other albums by the artist

Similar artists