Dû liest my falle as in stien En foar in oar joechst doe my dien Doe woest passie, doe woest fjoer Doe woest wol mear as in simpele boer Sjoch yn principe, kin'k dat wol begrype Ik bin miskien net hielendal dyn type, Mar ik hâld fan dy ast dat mar wist Mear dan dy miecher wer'st doe no mei gjist Want dat is gjin gesicht, dyn nije fekering Blondeert boskje hier en in grauwe tatoeëring Sinnebank brún as in frikandeltsje, san patser San sjowmodeltsje Mar Jeltje, oh Jeltje Wat sjochts dû yn san sjowmodeltsje Jeltje, oh Jeltje Wat sjochts dû yn san sjowmodeltsje Ik hearde it earst, fan ús heit En letter seach ik it ek op dyn Hyves Mar it stekt my bot ast dat mar wist Dast doe no mei san Hollander gjist En hy stjit portier by ús yn't kafee Mear goud om 'e bealch, as B.A. Ik ha'm noait mochten, no bin jim in steltsje Dû myn Jeltje, mei san sjowmodeltsje Mar Jeltje, oh Jeltje Wat sjochts dû yn san sjowmodeltsje Jeltje, oh Jeltje Wat sjochts dû yn san sjowmodeltsje In sjowmodeltsje, in sjowmodeltsje In sjowmodeltsje, san bodybuilder Neffens my kin der noch, gjin pakje tille In grutte bek, by de beesten ôf Twa meters breed, mar ik weef mei him ôf Mar Jeltje, oh Jeltje Wat sjochts dû yn san sjowmodeltsje Jeltje, oh Jeltje Wat sjochts dû yn san sjowmodeltsje Sjowmodeltsje, sjowmodeltsje