Kishore Kumar Hits

De Hunekop - Rotsoai lyrics

Artist: De Hunekop

album: Psalms foar de rûchhouwer


Ik siet yn'e kroech mei myn herder yn'e bûs
It wie al stront let en ik soe sawat nei hûs
Smoar as in aap, ik moest op'e kooi
Toen kriich ik fan in gabber fan dy druksrotsoai
Yn'e neus en ik wurde spykergek
Sprong fan'e kruk, stuts de barman lek
Draaide my om, pakte dy gabber by syn strot
Ik sei
"Jou my al dy druks want ik sla dy ferrot"
Skûm op'e bek en de bûssen fol mei druks
In flesse berenburg en in laden bucks
Gie ik op paad nei it hûs fan myn baas en tocht
Hjoed weef ik es ôf mei dy ferrekte dwaas
It wie noch tjuster yn dy boerepleats
Dy luie baarch, lei noch op ien ear
En mei de buck ston ik by syn bêd en sei
"Wat wie dat no wer foar sútterich krystpakket?"
"En dû hiest okkedei in grutte bek
Lêsten mei myn funksjonearringsgesprek."
En ik sei "Man ik krij lang net genôch!"
Ik pakte toen de bucks en skeat syn harses d'r ôf
Ûnder tot boven siet ik ûnder it bloed
Naam noch wat rotsoai stapte achter it stjoer
En fan ou dat stuit wit ik hielendal nea
Ik rekke op'e harses yn'e Sweacherfeart
Ik wurde wekker op 't plysjeburo
Tocht by mysels, hoe ha we dit no?
De plysjemannen freeche my om ferklaring
En smiet my yn it buske nij it hûs fan bewaring
Pear wyken letter krie'k in lulke rjochter
Myn advokaat makke him allinich sljochter
Pakte syn hammer joech my twintich jier
En sei dat 'r mei sokken gjin begrutsjen hie
Twintich jier marwei, das net sa moai
Dat allergeare troch dy druksrotsoai
Ik ferflok de dei dat dit allergeare barde
Ha súver no noch spyt dat ik dy hufter fermoarde!
Nee dy druksrotsoai dat gjit my te fiir
Jou my foartaan mar gewoan in potsje bier
Nee dy druksrotsoai dat gjit my te fiir
Jou my foartaan mar gewoan in potsje bier

Поcмотреть все песни артиста

Other albums by the artist

Similar artists