Kishore Kumar Hits

Die Twa - Frjemd Sa As It Rint lyrics

Artist: Die Twa

album: Die Twa


Frjemd sa as it rint,
Yn it libben wat ik libje
Giet it nea sa't ik ferwachte hie,
It rint altyd wer oars.
Kies ik in leuke rûte,
Leit de dyk der wer ris út,
Flean ik sûnder jas nei bûten,
Falt it mei bakken út'e loft
Want wêr 't ik gean of stean,
Wat ik doch of wat ik fyn
It brekt my by de hânnen ôf,
It giet my noait echt foar de wyn
Al sit it tsjin, sit it libben fol mei wanhoop en frustraasjes
Der is altyd wol wer ljocht tichtby
Al wie ik noch sa fier fan hûs, haw ik it paed werom wer fûn,
Oan 'e ein fan eltse reis, stean ik dochs wer mei de poatsjes op 'e grûn.
Frjemd sa as it rint,
Sjoch ik in jas stean yn 'e blêden,
Mar yn alle alve stêden,
Is myn maat al útferkocht.
Dus mar wer op nei hûs
Want ik bin al fierste let,
Troch dy drokte yn 'e stêd,
In giel papierke op it rút.
Want wêr 't ik gean of stean,
Wat ik doch of wat ik fyn
It brekt my by de hânnen ôf,
It giet my noait echt foar de wyn.
Al sit it tsjin, sit it libben fol mei wanhoop en frustraasjes
Der is altyd wol wer ljocht tichtby
Al wie ik noch sa fier fan hûs, haw ik it paed werom wer fûn
Oan 'e ein fan eltse reis, stean ik dochs wer mei de poatsjes op 'e grûn.
Dochs haw ik neat te kleien
It is net altyd likemin,
As it net kin sa as it moat,
Dan moat it mar sa as it kin.
Want wêr 't ik gean of stean,
Wat ik doch of wat ik fyn
It brekt my by de hânnen ôf,
It giet my noait echt foar de wyn.
Al sit it tsjin, sit it libben fol mei wanhoop en frustraasjes
Der is altyd wol wer ljocht tichtby
Al wie ik noch sa fier fan hûs, haw ik it paed werom wer fûn
Oan 'e ein fan eltse reis, stean ik dochs wer mei de poatsjes op 'e grûn.
Oan 'e ein fan eltse reis, stean ik dochs wer mei de poatsjes op 'e grûn.

Поcмотреть все песни артиста

Other albums by the artist

Similar artists