Kishore Kumar Hits

Die Twa - Famke Fan Myn Dreamen lyrics

Artist: Die Twa

album: Die Twa


De jûn is hast foarby, de barman ropt: "It lêste rûntsje"
De dûnsflier is fol, de minsken sjonge, dûnsje, laitsje nei elkoar.
Soe sy wol witte, dat ik in eachje haw op har?
Of sjocht sy my gewoan net stean, ik sit fertwifeld oan'e bar.
Straks gean de ljochten oan, de minsken fuort, myn dream foarby.
As ik wat wol, dan moat it wurde no, ik gean oerein.
Ik rin op har ôf en set myn angsten oan'e kant,
'K Sjoch yn har eagen, nim har mei, betink my net en gryp myn kâns.
Hé, do bist it famke fan myn dreamen,
Bist alles wer't ik no al sa lang op wachte ha!
Hé, kom do mar mei my mei en dûnsje mei my troch it libben,
Want do bist myn leafde, myn leafde is foar dy!
No stean wy each yn each, wat moat ik dwaan, myn wangen kleurje
Ferlegen freegje 'k har wolsto miskyn wat drinken ha fan my?
Want do en ik, wy binne foar elkoar bestimd
Dus slút dyn eagen, nim myn hân, betink dy net en gryp dyn kâns.
Hé, do bist it famke fan myn dreamen,
Do bist alles wer't ik no al sa lang op wachte ha!
Hé, kom do mar mei my mei en dûnsje mei my troch it libben,
Want do bist myn leafde, myn leafde is foar dy!
Sy rikt har earmen nei my út en rint op my ta,
Sy sleept my mei de dûnsflier op en ik sjong foar har.
Hé, do bist it famke fan myn dreamen,
Do bist alles wer't ik no al sa lang op wachte ha!
Hé, do bist it famke fan myn dreamen,
Do bist alles wer't ik no al sa lang op wachte ha!
Hé, kom do mar mei my mei en dûnsje mei my troch it libben,
Want do bist myn leafde, myn leafde is foar dy!
Al myn leafde is foar dy!...

Поcмотреть все песни артиста

Other albums by the artist

Similar artists