Kishore Kumar Hits

Piter Wilkens - Pake syn wein lyrics

Artist: Piter Wilkens

album: Timmermontsjoender


Ik seach okkerdeis in foto fan in âld Dauphine, pake syn wein
En ik tocht by my sels hoe koene wy der ea yn, yn pake syn wein
Ik moat laitsje as ik werom tink oan dy tiid
It wie pake's earste auto en wat wie er bliid
Hy siet grutsk efter it stjoer mei in grouwe sigaar, yn pake syn wein, pake syn wein
En oan 'e ein fan de rit allegear mislik en raar yn pake syn wein, pake syn wein
Broer en ik sieten tusken beppe en mem yn
Op 'e efterbank, en sy drukten ús hast fyn
Heit lies de kaart en stiet neist pake moai rom
Mei suske op skurte, wy hiene kwalik gong
As it moai waar wie en it wie snein, dan giene we te riden in hiel ein
Yn pake syn wein, pake syn wein
Beppe stonk nei klonje en heit stonk nei Fresh-up
Yn pake syn wein, pake syn wein
Mar it rútsje mocht net iepen want dan siigde it te bot
Yn pake syn wein, pake syn wein
Mem hie de júns tefoaren broadsjes smard
Dus ite, ite, ite, ja se hold ús koart
Mar wy hien Exota foar de hiele dei
En wy krigen faaks in iisco dus wy woene altyd mei
As it moai waar wie en it wie snein, dan giene we te riden in hiel ein
Yn pake syn wein, pake syn wein
Wy songen âlde ferskes en wy laken hiel wat ôf
Yn pake syn wein, pake syn wein
Fan Heit syn flauwe grappen krigen wy mar net genôch
Yn pake syn wein, pake syn wein
Om it hoartsje stopje omdat der ien sa noadich moast
Efkes gau yn 'e berm mar úteinlik doch net doarst
Mar dan koene dochs de skonken even rjocht
En "plank gas pake" en fierder mei de tocht
As it moai waar wie en it wie snein, dan giene we te riden in hiel ein
Yn pake syn wein, pake syn wein
Ja it wie doe wol in moaie tiid, yn pake syn wein, pake syn wein
De simmers wiene lang en Fryslân wiid, yn pake syn wein, pake syn wein
In hiele dei klam foar in kertierke bosk as strân
Brodzich en gear mar we ha it moai hân
En ik fielde my feilich en as in kening sa ryk
Want ús pake hie in auto op 'e dyk
As it moai waar wie en it wie snein, dan giene we te riden in hiel ein
Yn pake syn wein, pake syn wein

Поcмотреть все песни артиста

Other albums by the artist

Similar artists