Kishore Kumar Hits

Piter Wilkens - Lytse Snieman lyrics

Artist: Piter Wilkens

album: Nocht & Wilkens


Lytse snieman de snieklokjes bloeie
Sy komme ûnder 't wintertek wei
Sy laitsje nei de iere maaitiidssinne
Ja hjoed is 't wier de droege tei
'K stean foar it rút en ik sjoch tryst nei bûten
Do stiest der sa helpeleas by
Do stiest dêr midden yn in grutte plasse
It bin de triennen fan dy en fan my
Lytse snieman de fûgels, sy fluitsje
Sy bin fereale en tsjirpe sa blier
Al dat prille gelok is oandwaanlik
Mar net foar dy dizz' tiid fan 't jier
Foar dyn pine en dyn smert is gjin romte
Minsken rinne dy samar foarby
Sy ha gjin erch yn it leed dat wy diele
Yn de triennen fan dy en fan my
Lytse snieman, dyn oanfretten noaske
Fei ik aanst mei dyn biezem fan 't paad
It waar sit yn de sjaal dy 't ik breide
De kringloop, it is net te kearen
Mar ast oerfljochst dan wiuw ik nei dy
Yn de wolken dêr sit aanst dyn lyfke
Yn de triennen fan dy en fan my
Lytse snieman do silst nea wer gûle
It is wis, ea komsto werom
En dan mei it om my dagen snije
Dan wurdt ús wrâld iepen en from
Ik triuw dy op tiid yn de friezer
Sa bliuwsto foar ivich by my
En ik sil út en troch ûnder 't lid sjen
Lytse snieman ik hâld sa fan dy
Lytse snieman 't is altyd itselde
As de snie falt dan boartsje de bern
Sy meitsje fan willens in snieman
Mar de maaitiid dy meisto nea sjen
It falt swier elk jier wer dit ôfskie
Mar dat is aanst foar altyd foarby
Do stiest nea wer yn in grutte plasse
Nea wer triennen foar dy en foar my

Поcмотреть все песни артиста

Other albums by the artist

Similar artists