We binne it ljocht En it tsjuster We binne leafde en it tsjuster fret ús op We meitsje, bouwe en brekke alles wer ôf We weagje it te hielen En slaan it stikken, skuorre en kapot Och, wat bisto leaf Betiden echt en somtiden in spultsje We kinne raze en razend lilk wêze En dan wer balsemje, In sêfte stim en in oanrekking op 'e earm Yntins leaf wêze en my mei dyn moaie eagen oansjen Och do bist sa leaf We tinke allinnich oan ússels, en binne ien mei alles Hâlde it stiif beet, en litte it sa wer falle We binne fan wetter en fan stien Gean dwers troch alles hinne Mar neat dwaan is ek moedich En dan komme de triennen We moatte it oan de kant skowe Sizze se Wat we fiele tsjinnet ús net Sizze se De minsken dy't mei har holle prate En net út har hert wei It moat better, better wurde, better wêze We moatte better ús bêst dwaan Flink wêze, trochsette; ús der trochhinne slaan It moat better, better wurde, better wêze We moatte better ús bêst dwaan Flink wêze, trochsette; ús der trochhinne slaan Wêrom moatte we makke wurde Hoe kinne we beide wêze We binne leafde, it ljocht En it tsjuster fret ús op Ik bin leafde Ik bin it ljocht Ik bin leafde Ik bin it ljocht Skuorre en kapot Skuorre en kapot Skuorre en kapot Skuorre en kapot Skuorre en kapot Skuorre en kapot Skuorre en kapot