Ik sjoch troch myn berne-eagen Alles waarm fan kleur, de sinne heech It rûkt nei krekt meand gers Do bist yn'e loft en ik sit boppe op it hea Do hast myn takomst al foarsein Do wist wêr ik gean sil Do kenst my better as ik myself troch myn berne-eagen En no flean ik mei dy, tickter by dy, ik bin dy Wy strikke del op it lân dêr't ik myn leafde fûn Dêr't alles oars is Dêr't ik my ferbun oan wat minsken soms ferjitte It ritme fan'e ierde De dûns fan soargen en blidens De frijheid fan dy en my Ûs krêft is te fleanen Om dit ferhaal te fertellen Wy slaan ús wjukken ut en stige En komme del Fine ú thús wêr wy ek binne Do bist yn my